Man út Frjentsjer fermist

13 feb 2012 - 16:42

De plysje ûndersiket de fermissing fan de 54-jierrige Louis Verheij. De man út Frjentsjer wurdt sûnt sneintemoarn fermist. Hy ferliet moarns betiid yn oerspannen tastân syn hûs. Sûnt dy tiid is der neat mear fan him fernaam, de famylje makket him grutte soargen.

Snein hat de plysje al in burgernetaksje opstarten en jûns hawwe dûkers fan de brânwacht socht yn it wetter by Frjentsjer. Mar de sykaksjes ha neat opsmiten. Verheij is rinnende fan hûs gien, hy hat gjin tillefoan en beurs by him.

Wa't Louis Verheij sjoen hat of ynformaasje oer de man wit, wurdt fersocht de plysje te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)