Malêze yn bouwrâld hâldt oan

23 feb 2012 - 12:58
  • Bou

De malêze yn de Fryske bouwrâld is noch lang net oer. Dat ferwachtet foarsitter Marten Cornel fan de Fryske ôfdieling fan Bouwend Nederland. Cornel ferwachtet ek yn 2013 noch gjin ferbettering. De wenningmerk sit op slot en oerheden en wenningkorporaasjes ynvestearje minder.

Ien en oare betsjut dat der noch mear ûntslaggen falle. Ek folget in sanearing fan it tal Fryske boubedriuwen. Hiene earder allinnich MKB-bedriuwen it dreech, no falt ek te fernimmen dat grutte bedriuwen dy't in soad wurk bûten Fryslân dogge, it swierder krije.

Fyftich persint fan de noardlike boubedriuwen ferwachtet dit fearnsjier minder omset, docht bliken út ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)