Maksimum oan kitesurfskoallen

31 aug 2010 - 10:03

By Koarnwertersân meie tenei noch mar 4 skoallen les jaan yn it kitesurfen. Dat ha de skoallen ôfpraten mei de gemeente en Rykswettersteat. Se meie op syn meast 55 learlingen tagelyk hawwe. De gemeente en de skoallen wolle dêrmei soargje dat it kitesurfen feilich bliuwt. Oanlieding foar de ôfspraken is û.o. in deadlik ûngelok mei in kitesurfer yn 2006 by Warkum.

Foar de kitesurfskoallen spilet ek mei dat konkurrinten út Dutslân net mear samar les jaan meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)