Maklike winst Hajé Flyers

17 feb 2010 - 22:53

De Hajé Flyers hiene it woansdeitejûn net al te dreech tsjin de Grinzer Grizzlies. Op it eigen iis fan Thialf waard it 12-4 foar de Feanster iishockeyers mei de perioadestannen 4-2, 5-1 en 3-1.

De Flyers stean no mei 49 punten, ien minder as Geleen en Den Haach, op it fiifde plak. Der komme noch twa wedstriden foardat de play-offs begjinne. Freed spylje de Flyers yn en tsjin Nijmegen, sneon is HYS Den Haach yn Thialf de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)