Maklike winst fuotbalfroulju

28 feb 2014 - 21:33

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 4-2 wûn fan Oud-Heverlee Leuven. Op sportpark Skoatterwâld sette Ingrid Schuiten de Feanfroulju nei goed 20 minuten mei in fraai skot op foarsprong. Nei in healoere wie it Lianne de Vries dy't mei in kanonskûgel de 2-0 op it boerd sette. Op slach fan rêst soarge Daniëlle Kuikstra foar de 3-0.

Nei rêst soarge dyselde Kuikstra foar de 4-0. Dêrnei wie it krûd damp by de froulju fan trainster Jessica Torny. In kertier foar de ein soargen twa Belgyske treffers foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)