Maklike winst Cambuur yn beker

11 aug 2001 - 00:00

SC Cambuur boekte freed yn 'e Harkema in maklike oerwinning op de Harkemase Boys. It waard 0-4 yn dizze poulewedstriid om 'e Amstel Cup. Yn it skoft stie it al 0-3 foar de Ljouwerters troch goals fan Abma, Veltman en Bruin. Nei de tee makke Hernandez noch 0-4.

Harkemase Boys is pas oardel wike wer oan it trainen en kaam dúdlik te koart. Cambuur hie dan ek in maklike jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)