Maklike winst Aris tsjin Weert

16 mrt 2013 - 22:35
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris Ljouwert hiene it sneontejûn net al te dreech tsjin Weert, einstân 85-61. Yn it earste kwart wiene de Ljouwerters noch net al te skerp. Weert pakte mei 18-16 de foarsprong. Dêrnei wie Aris net te hâlden. Healwei stie Aris op in 42-26 foarsprong, nei it tredde kwart wie it ferskil oprûn nei 33 punten: 65-32. Samme Givens wie mei 27 punten de bêste Aris-skutter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)