Maklike oerwinning SC Cambuur

11 mrt 2011 - 23:10

Sportklup Cambuur hat freed op ienfâldige wize wûn fan de nûmer lêst, Almere City. Yn eigen hûs waard it 4-0. Foar it skoft skoarde Mark de Vries in hattrick en stie it al 3-0. Dêrmei wie de wedstriid al spile en hie de twadde helte ek wol skriftlik ôfdien wurde kind.

Toch kaam der noch in doelpunt by. Sandor van der Heide bepaalde yn in minne twadde helte de einstân op 4-0. Troch de oerwinning klimt Cambuur nei it sechde plak op de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)