Maklike buorden yn sikehûs

14 mrt 2014 - 12:25

Trije Fryske sikehuzen hawwe de folders, websiden en de ynformaasjebuorden yn harren gebou ferbettere. Dit hawwe se dien om minsken dy't net goed lêze en skriuwe kinne better helpe te kinnen. De sinnen en teksten binne koarter en der steane minder drege wurden yn. Ek moatte dokters der op lette dat se gjin drege wurden brûke yn petearen mei pasjinten. It MCL yn Ljouwert, de Tjongerschans op It Hearrenfean en it Antonius sikehûs yn Snits hawwe mei syn trijen ûndersyk dien nei de kommunikaasje mei pasjinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)