Makkumer sloep wint HT-race

04 maaie 2008 - 13:12
  • De Twirre fan Makkum wûn de race
  • De Arad fan Skylge waard twad

De sloep fan Makkum, Twirre, is de winner fan de 34e HT-sloeperace wurden. Dat is sneon op Skylge bekend makke. De winner wie yn goed trije oeren binnen. De roeirace waard freed hâlden. 132 teams diene mei oan de oertocht fan Harns nei Skylge.

Twadde waard de Arad fan Skylge. De Albatros fan Skylge-West waard tredde. Titelferdigener Tréwes 1 fan Aldeboarn moast diskear tefreden wêze mei in fyfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)