Makkumer oarlochsferhalen ferteld yn befrijingsliet

17 apr 2015 - 09:55
  • Pake Feike wenne yn it grutte hûs mei de auto derfoar

It is dizze wike santich jier lyn dat Fryslân befrijd waard. Yn Makkum fiere se dat takom sneon mei in spesjaal befrijingsliet. It is skreaun troch Arie Kuipers, en it wurdt song troch Wim de Boer.

Syn pake Feike hat yn it Makkumer ferset sitten, en it liet is basearre op de ferhalen dy't pake Feike fertelde doe't De Boer in jonkje fan in jier of tsien wie. Prachtige ferhalen fûn er it, mar wol spannend. De ferhalen fan pake makken bot yndruk op De Boer, mar it hat jierren duorre foardat er him besefte dat it allegearre echt bard wie.

Pake Feike fertelde bygelyks dat de Dútsers him ris hast oppakt hiene, mar om't er in lekke bân krige, koe er op 'e tiid warskôge wurde. Hy is doe op in souder weidûkt, en letter koe er op de fyts Makkum útride. Yn frouljusklean, sadat de Dútsers him net werkenne soene. Ien ferhaal hat pake lykwols nea ferteld, dat is hoe't syn maten in pear dagen foar de befrijing deasketten binne troch de Dútsers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)