Makkumer klok wer boppe wetter

10 feb 2006 - 14:12

De klok fan de âlde fiskôfslach yn Makkum komt sneon nei alle gedachten wer foar it ljocht. In ynwenner fan Makkum hat him melden by de gemeente Wûnseradiel. Hy sei te sprekken nammens in lokale belangeferiening. Dy feriening wol him sneon bekind meitsje.

Boargemaster Piersma sil de klok yn ûntfangst nimme. De klok is nei alle gedachten ein ferline jier fan de fiskôfslach by de haven helle. Der is doe ek oanjefte by de plysje dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)