Makkumer ierdewurk yn New York?

23 nov 2005 - 11:50

Ierdewurkfabryk Keninklike Tichelaar is yn 'e race foar in prestisjeus projekt yn it Central Park yn New York. It keunstmuseum yn it wrâldferneamde park krijt in nije gevel. Tichelaar is frege om it tegelwurk hjirfoar te ûntwerpen en te meitsjen.

It Makkumer bedriuw hat al sa'n 60 glazuerproeven nei Amearika tastjoerd. Direkteur Jan Tichelaar ferwachtet binnen in pear moannen te hearren oft syn bedriuw de opdracht yndie krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)