Makkumer froulju winne iepen FK sloeproeien

02 maaie 2015 - 17:30
  • (argyffoto)

De roeisloepfroulju fan Pulp Fiction út Makkum binne sneon foar de twadde kear op rige iepen Frysk kampioen wurden by it FK sloeproeien op De Lemmer. It twadde plak wie lykas ferline jier foar de froulju fan De Lytse Bear fan De Jouwer. De seismanssloep Beluga út Snits waard knap tredde.

By de manlju wie de titel foar de manlju fan de Visbyvaarder út Deventer. It twadde plak gong nei De Orkaan út Muiden. De manlju fan Grutte Bear fan De Jouwer waarden tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)