Makkum winner IFK Sloeproeien

28 apr 2013 - 13:24
  • Roeisloep Twirre fan Makkum

It Iepen Frysk Kampioenskip Sloeproeien op 'e Lemmer is in proai wurden foar Makkum. Mei har kapiteinssloep Twirre wist de ploech fan stjoerfrou Martine Haan en har acht manlju it parkoers fan hast 23 kilometer yn de fluchste tiid ôf te lizzen: 2 oeren, 10 minuten en 19 tellen. Dêrmei wie de titelferdigener dik 3 minuten rapper as ferline jier. De Toverbal fan Seisbierrum waard twadde, Cornelis Douwes fan West-Skylge pakte it brûns. Der dienen 35 sloepen mei oan it Iepen FK.

By de froulju gie de winst nei Lady Killer fan Skylge. Twad waard de ploech GIA Light út Rutten en tred waarden de froulju fan West-Arvada fan Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)