Makkum stiet stil by 70 jier befrijing

18 apr 2015 - 13:33

Yn Makkum wurdt sneon stilstien by de befrijing, santich jier lyn. Der binne tal fan aktiviteiten en der is sels in spesjaal befrijingsliet skreaun. It wurdt song troch Wim de Boer, hy is de pakesizzer fan de Makkumer fersetstrider Feike de Boer. Der binne ek rûnliedings en
útstallings.

Nei in fûle striid waard Makkum befrijd troch Kanadezen. Se fochten mei minsken fan de Binnenlandse Strijdkrachten. Guon Dútsers hienen har ferskûle yn de garaazje fan bakker Zondervan. Doe't slachter Monsma de doar iependie, joegen de besetters har oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)