Makkum-Noard giet oer

18 feb 2006 - 12:39

Der komme gjin grutte oantallen hûzen en in terrein foar wettersportbedriuwen by de Iselmar yn Makkum. It plan Makkum-Noard is finansjeel net helber, seit de gemeente Wûnseradiel.

Der hiene 160 hûzen komme moatten en in terrein dêr't plak wêze soe foar wettersportbedriuwen. Dat alles soe yn iepen ferbining stean moatte mei de Iselmar. It plan hie foar in soad wurkgelegenheid soargje moatten yn Makkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)