Makkers keunstwurken net bekend

29 maaie 2005 - 17:43

Fan sawat 50 publike keunstwurken yn Fryslân is net mear te achterheljen wa't it makke hat. De stichting Keunstwurk is dwaande mei in folsleine registraasje fan alle iepenbiere keunst yn Fryslân.

It is foar it earst dat sa'n oersjoch makke wurdt. Yn july moatte dan in boek en in webside ferskine oer alle publike keunstwurken yn Fryslân. Der is no lykwols in probleem, fan net alle keunst binne de gegevens te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)