Making of-De Kameleon op tv

02 jun 2003 - 00:00

Omrop Fryslân stjoert nije wike in dokumintêre út oer de film "De schippers van de Kameleon" fan regisseur Steven de Jong. De dokumintêre giet oer hoe't de film ta stân kommen is.

De Jong fertelt oer de stappen dy't er meitsje moast om de film fan de grûn te krijen. Ek binne der petearen mei akteurs. De film giet 15 juny yn premjêre, de making-of is twa dagen earder te sjen by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)