Makelerdij Meeùs oernommen

13 mrt 2009 - 16:10

De Rotero Groep fan It Hearrenfean nimt mei yngong fan 1 juny makelerij Meeùs oer. It giet om 31 festigings fan 'e Aegon-dochter oer it hiele lân.

De namme Meeùs ferdwynt en giet oer yn de Hypodomus. De 160 meiwurkers fan Meeùs kinne oan it wurk bliuwe. Meeùs makke ein ferline jier al bekend dat it bedriuw ophâlde woe, omdat der net genôch winst makke waard. De Rotero Groep hat bot fertrouwen yn de takomst en ferwachtet dat de makelerij der op termyn wer hielendal boppe-op komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)