Makeler Noardwâlde frijút

31 jul 2010 - 11:24

In makeler út Noardwâlde hoecht gjin skeafergoeding te beteljen oan in keaper fan ien fan syn huzen. Dy fynt dat er rjocht hat op jild, omdat nei de keap konstatearre is dat der swammen en houtwjirm yn it hûs sitte. De keaper hat in bedriuw ynhierd om beide saken fuort te heljen.

Neffens de rjochtbank hoecht de makeler net te beteljen omdat de keaper yn it keapkontrakt regele hat dat de makeler net ferantwurdlik is foar mankeminten oan it hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)