Makeler Hoekstra wreidet út

19 maaie 2010 - 10:23

Makelaardij Hoekstra hat makelerskantoaren op 'e Jouwer en yn Harns oernaam. Op 'e Jouwer giet it om Kuindersma Makelaardij, yn Harns om Makelaardij Roosenburg.

Hoekstra wreidet mei de oername it tal kantoaren út nei seis. By it bedriuw wurkje no 70 minsken. De oername hat gjin gefolgen foar it personiel yn Harns en op De Jouwer. Hoekstra hat no oer de hiele provinsje kantoaren en tinkt ek net oan noch mear oernames.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)