Makelderij giet by bank wei

11 des 2007 - 14:28

Makelderij De Woudenhof, mei kantoaren yn Noardwâlde en Wolvegea, giet selsstannich fierder. De Woudenhof bestiet sûnt 1998 en wie ûnderdiel fan Bank Bercoop. Begjin dit jier is de bank oer naam troch de Friesland Bank en dêrmei ek de makelderij.

De Friesland Bank sjocht de makelderij net as in kearnaktiviteit en hat derom yn oerlis mei de beide direkteuren fan De Woudenhof besluten om út elkoar te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)