Mak syn 'Jorwert' yn it Ingelsk

03 jul 2000 - 17:51

Famylje fan emigranten dy't it Nederlânsk net machtich binne, kinne no dochs Geert Mak syn 'Hoe God verdween uit Jorwerd' by neikomme. Sûnt koart is der in Ingelske oersetting fan it boek.

De titel ferwiist nei de feroaring fan it doarpslibben troch 'de moderne tiid': 'Jorwerd, the death of a village in late 20th century Europe'. Der is ek in Dútske ferzje fan it boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)