Maitsen yn fleis supermerk

16 aug 2007 - 10:42

Trije manlju hawwe woansdei maitsen yn de fleiskuolling smiten fan de EDAH supermerk yn Damwâld. De eigner fan 'e winkel hearde fan in klant dat der maitsen yn it fleis sieten. De man seach op bylden fan syn fideosysteem hoe't de manlju wat yn de kuolling smieten en belle de plysje.

De plysje hat trije manlju út Damwâld en Broeksterwâld oanhâlden. Dy seine dat se dit foar de grap dien hiene, neidat se te fiskjen west hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)