Maisdoalhôf yn Reahûs

12 jul 2007 - 10:04

Yn Reahûs wurdt sneon in maisdoalhôf iepene. De dwaaltún soe al earder yn gebrûk naam wurde, mar dat koe fanwege it wiete waar net trochgean. De ôfrûne dagen is hurd wurke om it gebiet begeanber te krijen. Dêrby is ûnder oare flink wat wetter fuorthelle.

It doalhôf bestiet út seis tekens fan 'e diereriem en der is ek in riedsel fan Einstein yn ferwurke. Besikers wurdt oanret leazens oan te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)