Maisdoalhof: 2500 euro

27 sep 2008 - 11:26

It maisdoalhof yn Wytmarsum hat dit jier 2500 euro opsmiten. Dat jild giet nei de Stichting Doe Een Wens. It wie foar de njoggende kear dat der in foar it publyk tagonklik maisdoalhof yn Wytmarsum wie.

It doalhof luts dit kear 3500 besikers, dy't elk 50 sint de man betellen. Fierder gie in diel fan de opbringst fan it mais nei de stichting. Dy fiert winsken út fan slim sike bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)