Mais ûnder foly suksesfol

14 maaie 2009 - 21:06
  • De mais op it lân fan boer Hylkema yn Friens...
  • ...docht it goed ûnder de foly

It eksperimint mei it ferbouwen fan mais ûnder foly liket in grut sukses. De maisplanten binne fjouwer wiken lyn yn de grûn setten en groeie hiel rap. De planten ûnder it foly hawwe no al in foarsprong fan in pear wiken yn groei op de planten dy't net ûnder plestik sitte. As dat trochset kinne se rom trije wiken earder fan it lân.

Dat is ek it doel fan it projekt omt it rispjen fan mais yn Fryslân faak problemen opsmyt. No moat dat faak sa let yn de hjerst dat de grûn te wiet is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)