Maidentrip foar de Tiger

25 apr 2008 - 21:55

De nije snelboat fan rederij Doeksen, de Tiger, is freed foar it earst mei passazjiers nei Flylân fearn. De Tiger ferfangt de âlde snelboat fan Doeksen, De Koegelwieck. De boat is 52 meter lang en kin 415 passazjiers ferfiere, hûndert mear as de Koegelwieck.

De Tiger wurdt de kommende wiken allinnich yn de wykeinen ynset. De boat fart ek noch net op Skylge, want it nije oanlisplak dêr is noch net hielendal klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)