'Magneetsweeftrein moat komme'

23 jan 2001 - 11:12

De magneetsweeftrein moat der al komme. Dat fynt CDA-fraksjefoarsitter De Hoop Scheffer. Hy sei dat by syn wurkbesite oan de Keamer fan Keaphannel. Troch de sweeftrein ferhûzje minsken út de Rânestêd nei it Noarden wat goed is foar de middenstân.

Boppedat lûkt de komst fan in trein ek nije bedriuwen oan. Dat soe foaral jilde foar plakken dy't de trein oandocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)