Magneetsweefbaan wer yn diskusje

09 des 2003 - 00:00

It regear moat wachtsje mei in beslissing oer in flugge treinferbining nei it Noarden oant der in ûndersyk west hat nei saneamde mega-projekten. It giet dan om saken as de Betuwelijn. Dat wol de Twadde-Keamerfraksje fan GrienLinks. Sy binne bang dat de kosten folle heger wurde as earst tocht.

It kabinet bûcht him takom wike oer de ferbining. Minister Peijs wol gjin útstel. Sy makke ek bekend dat de NS net meidocht yn it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)