Magister Alvinus nominearre

22 jan 2005 - 16:21

Magister Alvinus út Snits is mei fjouwer oare skoallen nominearre foar de titel 'Skjinste skoalle fan Nederlân'. Dat hat de skoallemienskip te tankjen oan in ôffalmjitter. Dy stiet yn de kantine en jout oan hoefolle ôffal der yn ien wike is. Dêrneist hâldt in team fan learlingen de skoalle skjin.

Tiisdei wurdt bekend makke oft de Snitser skoalle de skjinste fan Nederlân wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)