Maghielse ferlit de Flyers

26 aug 2009 - 15:39

IIshockeykeeper Martijn Maghielse (22) sil mooglik de Hajé Flyers ferlitte. De Akkrumer hat alle seleksjes foar it folgjen fan in F16-oplieding helle en heart ynkoarten oft hy definityf begjinne kin.

Dat soe betsjutte dat Maghielse de Flyers nei trettjin seizoenen ferlit. Yn april wie hy noch 'goalie' foar Oranje. De oplieding falt net te kombinearjen mei it iishockeyen omdat dy foar in part yn Amearika is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)