Magda Berndsen is nije regiofoarsitter D66

14 des 2015 - 10:31
  • Magda Berndsen

Magda Berndsen is de nije regiofoarsitter fan D66 Fryslân. Se is mei in grutte mearderheid keazen. Berndsen is koartlyn ophâlden as lid fan de Twadde Keamer foar D66.

Peter Meijer fan Snits en Sietze Schukking fan Jirnsum binne de twa oare nije bestjoersleden. Otte van der Goot fan Nijemardum bliuwt yn it bestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)