'Mafkees' kostet Groote 4 duels

20 nov 2004 - 15:26

Trener Johan Groote fan sneins twadde klasser FC Wolvegea is foar fjouwer wedstriden skorst, omdat er twa wike lyn by de wedstriid tsjin Alcides de skiedsrjochter útmakke foar 'mafkees'. Groote fynt dy straf 'fierstente swier'. "Je meie je hobby net mear útoefenje, en dat docht sear."

FC Wolvegea is no fan doel om yn berop te gean tsjin de straf. Oft dit wat úthellet moat ôfwachte wurde, want yn berop wurdt de straf faak befêstige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)