Macintosh krijt útstel fan betelling

22 des 2015 - 14:14
  • Macintosh Retail Group - Beek

Macintosh Retail, it memmebedriuw fan skuonwinkels Scapino, Dolcis, Invito en Manfield, krijt útstel fan betelling. De rjochtbank Limburch hat it útstel tiisdeitemiddei ferliend. Der wurdt no besjoen foar hokker ûnderdielen ferkeap mooglik is. Macintosh hie útstel fan betelling oanfrege fanwege hege skulden.

Yn Fryslân binne der 18 Scapino's, 4 Dolcis, 1 Invito en 1 Manfield-winkel.  

Leefberheid binnenstêd Ljouwert

At winkelketens as Scapino, Dolcis, Invito en Manfield fallyt gean en de winkelpannen leech komme te stean, dan wurdt de leefberheid fan de stêd Ljouwert gau minder. Dat seit binnenstêdsmanager Hayo Galema út Ljouwert. 

Tiisdeitemoarn waard bekend dat it net goed giet mei it memmebedriuw Macintoch Retail fan dizze winkelketens. En at dizze winkels ferdwine, dan moat der neffens him gau wat gebeure. ''Winkels moatte bygelyks fan de râne fan de stêd, nei it sintrum ferhúzje. Faak is it probleem dat dat te djoer is, mar at der safolle gebouwen leech stean, dan sil de priis ek wol wat sakje.'' 

Online ferkeap

De winkels dy fallyt gean, komme neffens him wol allegear út itselfde ''middensegment".  Dizze winkels, bygelyks ek de V&D, hawwe it dreech trochdat der in soad online kocht wurdt yn dizze priisklasse. ''De goedkeape winkels en de hiel djoere winkels oerlibje it noch wol'', sa seit Galema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)