Macintosh fallyt, winkels yn Fryslân bliuwe foarearst iepen

30 des 2015 - 17:46

De winkels dy't Macintosh Retail yn Fryslân hat, bliuwe foarearst gewoan iepen. It memmebedriuw fan ûnder oare Scapino waard woansdei offisjeel fallyt ferklearre. Ofrûne wike waard al útstel fan betelling oanfrege. Yn Fryslân giet it om 24 winkels, wêrûnder 18 Scapino's en 4 winkels fan Dolcis.

De kuratoaren besjogge no foar hokker ûnderdielen ferkeap mooglik is. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)