'Machtsstriid yn Lauwerseach'

09 nov 2012 - 11:01
  • Kotters yn de haven fan Lauwerseach

De striid tusken de oandielhâlders fan de haven Lauwerseach is in machtsstriid wurden. Dat seit Nico Bakker, ien fan de trije leden fan de ried fan kommissarissen. De ried hat fan 'e wike dien krige fan de gemeenten Dongeradiel en De Marne, twa fan de trije oandielhâlders. Se soene tekoartsjitte yn it tafersjoch op it havenbedriuw en in ûndersyk nei de takomst fan Lauwerseach tsjinwurkje.

De ried fan kommissarissen fynt krekt dat de gemeenten net goed meiwurkje en dat se ferkearde takomstplannen hawwe foar Lauwerseach.

Dy 'dubieuze takomstplannen' binne djoere bouplannen dêr't de haven en de fiskerij oan meibetelje moatte. De direksje fan de haven jout freedtemiddei in parsekonferinsje oer de krisis. Der binne trije oandielhâlders: de direksje, de gemeenten Dongeradiel en De Marne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)