Machiela fynt aai Kollumerlân

12 mrt 2008 - 09:09

Hendrik Machiela út Kollumersweach hat tiisdei it earste ljipaai fan Kollumerlân fûn. It aai lei yn de omkriten fan Lytsewâld. Dêr waard ferline jier ek it earste ljipaai fûn.

Machiela hat syn aai oanbean oan boargemaster Bilker fan Kollumerlân. Hy krige der in oarkonde, blommen en in finerslean foar. Jelle Wagenaar fan Bûtenpost fûn tiisdei it earste aai fan Achtkarspelen. Hy hat it aai oanbean oan boargemaster Van der Zwan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)