Maccabi-Fean giet definityf oer

22 sep 2004 - 09:02

De Europacup-wedstryd Maccabi Petach Tikva en Hearrenfean yn Israël giet dizze wike definityf net troch. De wedstriid foar de earste ronde om de UEFA-beker stie foar woansdeitejûn op it programma yn Tel Aviv, mar de Feansters kamen tiisdei net fierder as Skiphol fanwege in staking yn Israël.

Ek it plan fan de UEFA om it duel te ferpleatsen nei tongersdeitemiddei wie praktysk net te dwaan. Fuotbalbûn UEFA komt tongersdei mei neier berjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)