Maatskiplik wurk moat oars

21 nov 2000 - 09:27

De Stichting Maatskiplik Wurk Fryslân, SMWF, moat reorganisearje om goed te funksjonearjen yn de takomst. Dat is de belangrykste konklúzje fan in ûndersyk fan KPMG. Yn 1995 ûntstie de SMWF troch in fúzje fan fjouwer ynstellingen.

De Stichting levert yn 23 Fryske gemeenten bystân. By de reorganisaasje ferdwine 10 fan de 13 lokaasjes. It Hearrenfean, Dokkum en Drachten bliuwe oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)