Maatskiplik debat oer Thialf

10 mrt 2010 - 21:30

De Feansters meie har ynkoarten útsprekke oer de de bou fan it nije Thialf stadion. Nijbouwe by it Abe Lenstra stadion is neffens in ûndersyk de bêste opsje, mar ek de djoerste. Dat kostet mear as 120 miljoen euro.

It besteande stadion ferbouwe is de helte goedkeaper. It folk mei der yn april en maaie oer debateare, mar de gemeenteried moat der úteinlik oan it ein fan dit jier in beslút oer nimme. De plannen lizze der, mar de finansjele dekking is noch net rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)