Maatsje helpt pleage jongerein

23 jan 2003 - 00:00

Jongerein mei problemen yn Noardwest- Fryslân kin aansen stipe krije fan in 'maatsje'. De earste sân frijwilligers binne op 't heden yn training om dy funksje út te oefenjen.

In maatsje is in fertrouwenspersoan dy't ien kear yn 'e wike ôfpraat mei de jongere. De problemen kinne fariearje fan narre wurde oant jin allinne fiele. In tal ynstânsjes hawwe it inisjatyf nommen ta ditsoart fan begelieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)