Maatregels útfeart Poortema

21 jan 2008 - 18:30
  • De oankomst fan de kiste mei it lichem fan Poortema op de fleanbasis

It sintrum fan Drylts wurdt woansdei hielendal ôfsletten foar de begraffenis fan korporaal Aldert Poortema. Auto's kinne parkeare oan râne fan de stêd. De útfearttsjinst begjint om ien oere middeis.

Dêrnei wurdt Poortema te hôf brocht op it Algemiene Begraafplak fan Drylts. Op fersyk fan de famylje wurdt in it in gewoane begraffenis mei beheinde militêre eare. It lichem fan Poortema is freedtenacht oankaam yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)