Maatregels tsjin treingeweld

03 jan 2014 - 12:33
  • Ien fan de lytsere spoartrajekten yn Fryslân

Ferfierder Arriva nimt yn oerlis mei de fakbûnen ekstra maatregels om it geweld yn treinen en bussen tsjin te gean. Der wurdt in konvenant oer opsteld. Beide partijen prate takom wike oer de ynhâld dêrfan. Earder hat Arriva al ynvestearre yn ûnder oare trainings foar it personiel, kamera's en alaarmknoppen yn bussen en treinen. Dochs hie it fakbûn krityk op de ûnfeiligens yn it iepenbier ferfier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)