Maatregels tsjin topamtner

13 jun 2007 - 11:19
  • Wibier in pear wike lyn op de publike tribune fan 'e steateseal

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dissiplinêre maatregels nommen tsjin algemien direkteur Wibier fan de provinsje. De heechste amtner soe it kolleezje net ynseind ha oer de grutte finansjele risiko's dy't de ferhuzing nei in tydlik ûnderkommen meibrocht.

De kwestje liede ta it ôftreden fan trije deputearren, in dei foar har reguliere ôfskie. Hokfoar maatregels de provinsje nimt tsjin direkteur Wibier is net bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)