Maatregels tsjin ramkreaken

13 jun 2003 - 00:00

De Stipepassaazje yn Easterwâlde wurdt ynkoarten 'ramkreak-proof' makke. De lêste tiid binne der nochal wat winkels yn it winkelgebiet de dupe wurden fan dizze foarm fan stellerij. Der sille tsien betonnen bollen foar de passaazje pleatst wurde, sadat it net mear mooglik is om mei in auto de gevel te rammen.

De maatregel kostet 3000 euro. Dat bedrach wurdt betelle troch de ûnder- nimmers, de eigners en de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)