Maatregels tsjin ôffaltoerisme

30 sep 2003 - 00:00

Smellingerlân hat skjin syn nocht fan minsken fan bûten de gemeente dy't ôffal oanbiede foar it stoart. Alle oanbieders moatte harren tenei by de yngong identifisearje.

Alle ynwenners fan Smellingerlân krigen earder al in paske foar it stoart. Dy paskes waarden lykwols útliend oan minsken fan bûten de gemeente dy't dêr dan moai harren guod fergees dumpe koene. Ferline wike waarden goed twintich yllegale dumpers trapearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)