Maatregels tsjin motorraces A7

19 jun 2007 - 16:51

Gemeente, plysje en Rykswettersteat pakke it motorracen op it klaverblêd yn de A7 by it Hearrenfean oan. Der komme ferbodsbuorden te stean om it parkearen op de flechtstrook tsjin te gean.

Motorriders prate op ynternetfora ôf om wykeins te racen en moetsje inoar oan de kant fan Tsjalbert. Dêr hâlde taskôgers de tiden by. Geregeld ferûngelokje der racende motorriders, mar de plysje wurdt faak net oproppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)