Maatregels tsjin hurdriders

09 feb 2011 - 20:25

Der wurdt fierstente hurd riden op de Oude Bildtdyk en inoar passeare op it smelle dykje is faak ûnmooglik. Dêrom mei der minder parkeard wurde yn de passearstroken en moat de bewenners leard wurde om minder hurd te riden.

25 Jier ferlyn wie it te hurd riden ek al in probleem en doe waard bepaald dat der yn de doarpen 30 km en bûten de doarpen 60 km yn 'e oere riden wurde mocht. Mar dat hat neat holpen. In stjoergroep hat neitocht oer oplossings en dy binne no presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)